Beammekap fanwege gefaar troch fallende tûken fan sike esken

Steatsboskbehear sil de kommende moannen doarpsboskjes yn Noardwest-Fryslân úttinje. Mei it grutskalich ûnderhâld wurdt de esketûkestjerte oanpakt en krije oare beammen de kâns om fierder te groeien.
© Steatsboskbehear
Meiwurkers fan Steatsboskbehear sette de kommende tiid reade en blauwe stippen op de beammen. De beammen mei reade stippen ferdwine, dy mei in blauwe stip bliuwe stean. Op guon plakken wurde groepen beammen kapt, dat is needsaaklik om de esketûkestjerte te bestriden.
Sa'n 85 prosint fan de esken hat lêst fan de skimmelsykte. Om foar te kommen dat fallende tûken foar problemen soargje, wurde se previntyf kapt. It giet om de boskjes by Flietterpen, Flietterpen Noard en Noardwesthoek.