Museumdoarp Allingawier liedt needklok

Museumdoarp Allingawier liedt needklok
Der moat strukturele finansjele stipe komme, oars driget de ein fan it Fryske Museumdoarp Allingawier. It autentike terpdoarp yn de Súdwesthoeke hat in belangrike funksje foar it toerisme en om it kultureel erfgoed te toanen en te bewarjen. It Fryske museumdoarp is de opfolger fan stichting Aldfaers Erfroute. Dizze rûte, by ferskillende gebouwen del, wie de lêste jierren bot fertutearze.
Guon gebouwen binne ferkocht, om't de rûte net goed rûn en om finansjeel oerein te bliuwen. Sûnt desimber 2016 is der in nije direksje en is it roer omsmiten. Likegoed binne de finansjele soargen net fuort. As der noch mear gebouwen ferkocht wurde moatte, giet kultuerhistoarysk erfgoed ferlern. As der gjin strukturele stipe komt, dan sil it Fryske Museumdoarp de doarren slute moatte.
Direkteur Hilda van der Meulen fan it museumdoarp