Haadpriis Staatsloterij fan 1 miljoen euro falt yn Tytsjerksteradiel

11 jul 2018 - 10:40

De haadpriis fan 1 miljoen euro fan de Staatsloterij is tiisdei fallen op in lot dat yn de gemeente Tytsjerksteradiel ferkocht is. It giet om lotnûmer DI 94177.

It winnende lot is fan in abonneespiler. De miljonêr wurdt útnûge him of har te melden by de Staatsloterij. De winner krijt advys en begelieding oer hoe om te gean mei it jild.

(advertinsje)