Wynmûnepark Fryslân yn de Iselmar komt der wol

It wynmûnepark Fryslân yn de Iselmar kin der komme. De Ried fan Steat hat woansdeitemoarn útspraak dien oer de kwestje. Foar it pleatsen fan 89 wynmûnen by de Ofslútdyk, yn it Fryske part fan de Iselmar op 6,5 kilometer ôfstân fan de kust, hat de provinsje in natuerfergunning ferliend. En ek de gemeente Súdwest-Fryslân wurket mei.
Histoarje Wynmunepark
Natuerbeskermers en wettersporters binne lykwols fûl tsjin it plan. It soe fûgels, flearmûzen en de wettersport yn it paad sitte. De provinsje Fryslân hat sels ek jild stutsen yn it wynmûneplan en tinkt de ynvestearring fan 127 miljoen euro yn it Wynpark Fryslân folslein werom te fertsjinjen.
It Ryk hat provinsjes ferplichte in part fan de enerzjy mei wynmûnen op te wekken. En de provinsje Fryslân wol dat foar it grutste part mei it wynpark Fryslân dwaan.
Petear Auke Fryslân Hjoed

2020

Wynpark Fryslân sil ein 2020, begjin 2021 klear wêze en sil sa'n 320 megawatt wynenerzjy leverje. Dat is in grut part fan de 530,5 megawatt dy't Fryslân fan 2020 ôf leverje moat fan it Ryk.
Yn 2016 kamen de inisjatyfnimmers mei it plan foar Wynpark Fryslân yn de Iselmar.
Ferslachjouwer Auke Zeldenrust, tsjinstanner Chris Bakker fan It Fryske Gea en projektdirekteur Anne de Groot
© Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
Erwin Vrolijk, surfskoalle yn Makkum
Rekreant Jaap Jilderda oer de komst fan it wynmûnepark