Kollum: "Mûskopje"

"De telefyzje lit op 't heden it Frânske lânskip sjen, begelaat troch twa ientoanich jeuzeljende ferslachjouwers. Wat in monotoane stimmen en teksten hawwe dy mannen, dat it lânskip wurdt der suver lilk fan. De Belch is it alternatyf. Ek by it WK-fuotbaljen. Want as ik sa'n Borst dêr eigenwiis yn syn leunstoel hingjend eameljen sjoch, moat ik elke kear wer oer de nekke. Unbegryplik dat se dat gewurde litte. Of se wolle der sels foar soargje dat de publike omrop sa'n bytsje mear foarstelt, dat de oerheid it maklik fuortsmite kin.
Eelke Lok © Omrop Fryslân
De Toan fan Eelke Lok
Wêr't de Belgen neat oan dwaan kinne, binne de uterlikheden fan dat WK-fuotbaljen. En dan ha ik it net iens oer dat fuotbaljen no echt ferwurden is ta elkoar de poaten stikken skoppe. En tagelyk as je net rekke wurde, as in fermoarde embryo út te razen boppe 40.000 minsken dy't har folslein idioat ferklaaie en der inkeld op út binne om te wiuwen as se yn byld binne. Of dat oeverleaze gelul fan dy skiedsrjochters dy't hieltyd yngeane op dat âldehoeren fan al dy fuotballers. Lju dy't miljoenen fertsjinje en dus folslein ûnearlik binne. Dêr ha ik it net iens oer.
Ik ha 't inkeld oer dat je noait mear in fuotballer of trainer praten sjogge. Je witte net iens oft se wol prate kinne. Se ha allegear hieltyd de hân foar de mûle. Ja, dat is netsjes as je prúste of kropje moatte, mar sy dogge it as se wat sizze. No kin ik it my foarstelle dat as de iene fuotballer stikem tsjin de oare seit dat dy Erwin Zeinstra wol in moai kontsje yn it broekje hat, dat je dan net wolle dat dy liplêzende frou fan Erwin soks begripe kin. Mar se ha it net oer Erwin syn kontsje. As in assistint tsjin de trainer seit dat se eins in meterke nei foaren spylje moatte, dan hat hy de hân foar de mûle. En as dy trainer dan antwurdet fan "ja", dan hat hy ek de hân foar de mûle.
Soks is yntusken sa massaal oan de gong, dat se it allegearre altyd dogge. As nei de wedstrijd twa jonges fan sis mar Manchester City elkoar felisiteare of kondoleare om't se yn ferskillende lannneteams sitte, dan ha se de hân ek foar de mûle. "Felisiteard." "Tanke, mar spitich foar dy." "Ja, mar it is net oars."
Dy fuotballers sitte fan achillespees oant de strôt yn de tattoos. Ek elkenien dy't net fuotballet, apet soks nei. Fuotballers besteegje har tiid yn Ruslân oan trainen, sliepen, ûnderhanneljen oer in nij kontrakt en nei de kapper gean. Elk op de tribune en thús giet nei de kapper: "Ik wol in Neymarkapsel." Sa sil dat hân-foar-de-mûle-gedoch ek neidien wurde. Watte, we prate aanst allegear mei de hân foar de mûle. Want der kin oeral wol immen mei in telefoantsje wêze dy't it opnimt en o wat kin der net barre as je tsjin de buorman sizze dat it moai waar is. Dat kin tsjin je brûkt wurde, as it waar wer minder wurdt.
Hoewol. Stel je foar dat ferslachjouwer Gerrit de Boer nije wike in kamerake hinget boppe de gearkomste fan Deputearre Steaten. Dy dogge krekt as se it net witte, mar efter syn hân seit Jehannes Kramer dat Gerrit dêr hinget. Sietske gniist, efter har hân. Mar dan begjint it: "Cambuur", seit Brok streng. Dêr jeuzelje se lang op om. Sietske en Klaas tsjin Jehannes en Michiel. Sander mei net meidwaan. Mar hy sit te skodzjen op 'e stoel.
Ynienen skuort hy de hân foar syn mûle en brobbelet tsjin Arno Brok: "Mar myn broer, dy't by Bjinse Dijkstra wurket, hat sein dat we foar nije wike 11 miljoen op it kleed lizze moatte, oars komt dat Cambuurstadion der net." En dan krûpt Hearrenfeansupporter Jehannes ek efter syn hân en seit dat de sportklup gjin jild krige, mar de sportstêd. En Klaas en Michiel begjinne oer de 5 miljoen foar de Blokhúspoarte, elk ek mei de hân foar de mûle. Brobbel, brobbel.
Dan slacht Arno Brok al dy hannen foar de mûlen wei. En seit dúdlik dat mûskopjen tige ûnfrysk is. Mar no witte al dy Ljouwerters noch neat. Want it wurd mûskopjen ha se noch noait fan heard."