Wurkstraf foar Damwâldster (18) foar mishanneling yn diskoteek

11 jul 2018 - 05:45

In 18-jierrige Damwâldster is troch de rjochtbank yn Ljouwert feroardiele ta in wurkstraf fan 142 oeren, om't er twa jier lyn yn in diskoteek yn Dokkum in jonge mishannele hat.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man út Damwâld krige in legere straf, om't de rjochtbank fûn dat syn saak te lang by it Iepenbier Ministearje lizzen bleaun is. Yn stee fan in wurkstraf fan 150 oeren moat er no 142 oere ferplichte oan it wurk.

Mishanneling

De rjochtbank fûn wol bewiisd dat de Damwâldster it slachtoffer mishannele hat. Dy hold der in stikkene noas en eachkas en in harsenskodding oan oer. It slachtoffer moast nei de mishanneling yn terapy fanwegen panykoanfallen.

Smertejild

De 18-jierrige Damwâldster moat 5.000 euro smertejild oan it slachtoffer betelje, plus goed 1.100 euro as fergoeding foar de kosten as gefolch fan de mishanneling.

(advertinsje)