Brêge Burgum woansdei faker iepen fanwegen testmaatregels

De brêge oer it Prinses Margrietkanaal by Burgum sil woansdei faker iepen stean. De oannimmer fiert dan yn opdracht fan de provinsje en Rykswettersteat ferskate testmaatregels troch. Mei de testen is it foar heech skipfeartferkear net mooglik te passearjen.
Oanlieding foar de maatregels binne de resinte steuringen by de brêge. Neffens de oannimmer binne der ferskate ûnderdielen fan de ynstallaasje dy't foar steuringen soargje kinne. De testmaatregels moatte derta liede dat de brêge tenei wer goed funksjonearje kin.