Húsdokter yn oplieding wol graach nei Fryslân, mar mei net

10 jul 2018 - 21:43
Húsdokter yn oplieding Sytse Jouta - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Ik ryd alle wiken 1000 kilometer. En dan stean ik yn 'e file en dan tink ik, wie ik mar hjir húsdokter.

Sytse Jouta, húsdokter yn oplieding

Hy wol echt hiel graach syn praktykoplieding ta húsdokter yn Fryslân dwaan, mar it mei net. Sytse Jouta fan It Hearrenfean studearret yn Nijmegen, en dan moat de oplieding yn in praktyk yn dy omkriten dien wurde. Dat is de regel op de húsdokteroplieding en de fakulteiten.

Sytse is behoarlik frustrearre oer dy 'rigide regel'. It kostet in hiel soad reistiid en dêrtroch duorret de oplieding noch langer. Sytse wurket no as húsdokter yn Deventer en reizget rûchwei 1000 kilometer en fjirtjin oeren yn 'e wike. In pear kear hat er besocht it oars te krijen, mar de húsdokteroplieding wol net meiwurkje. Net allinnich Sytse hat der lêst fan, ek oare húsdokters yn oplieding hawwe dêrfan te lijen.

Húsdokter yn oplieding Sytse Jouta

Sytse woe eins syn oplieding ta húsdokter yn Grins dwaan. Hy wie ek oannaam, mar waard útlotte. De twadde kear dat er him ynskreaun hat, hat er meardere kearen syn kar foar Grins oanjûn. Hy kaam yn Nijmegen telâne. Doe't er staazje rinne moast, hat er besocht om dat yn Fryslân te dwaan.

Fanwege sykte fan syn mem woe er graach ticht by hûs wurkje. Der wie in praktyk yn Marsum dy't him graach hawwe woe. Dy falt ûnder de fakulteit medisinen yn Grins. De fakulteiten Grins en Nijmegen woene dêr wol oan meiwurkje, mar it oerkoepeljend orgaan 'De huisartsopleiding' net.

Letter kaam de Hearrenfeanster in oare dokter yn oplieding tsjin dy't yn Grins siet en dy't graach nei Arnhem woe. Se woene graach ruilje. De fakulteiten wiene wer akkoart, mar de húsdokteroplieding woe wer net om lyk. En dus reizgje beiden in hiel soad en kinne se minder gau ôfstudearje.

Dokters dy't hjir graach wurkje wolle, wurde fuortjage, wylst se yn Fryslân hartstikke nedich binne

Jouta syn frustraasje wurdt noch grutter troch it feit dat hieltyd yn it nijs is dat der in húsdoktertekoart is yn Fryslân. Dat tekoart is net oplost troch soepeler mei de plakken foar húsdokters om te gean, mar it soe wol helpe, neffens Jouta. As jo ien kear op in plak oan it wurk binne, ferhúzje jo net sa gau mear nei in oar plak. De ynstânsjes hâlde neffens him it tekoart op dizze wize sels yn stân. Dêr soe wat oan dien wurde moatte, seit Jouta.

Foarearst is it probleem net oplost en rydt Sytse alle dagen trije oeren deis nei en fan syn wurk. En is er folle letter klear mei de stúdzje. Foar Fryslân gloaret der wol hope. Mei in jier is Jouta klear mei syn oplieding en hy is wis fan doel yn Fryslân syn fak as húsdokter út te oefenjen.

Trefwurden: 
tekoart húsdokter
(advertinsje)
(advertinsje)