Coach Van den Bosch bliuwt by Aris, Veenstra earste nijkommer

Tony van den Bosch bliuwt ek takom seizoen coach fan de Ljouwerter basketbalklup Aris. Dat hat de klup tiisdeitejûn bekend makke.
© Aris Ljouwert
De klup en Van den Bosch hawwe in oerienkomst sletten foar ien seizoen. De coach is op it stuit noch dwaande mei it gearstallen fan it team fan takom jier. Bas Veenstra is de earste spiler dy't syn hantekening ûnder in kontrakt setten hat. De 23-jierrige forward komt oer fan in Spaanske ploech.
Veenstra nimt it plak oer fan Niels Bunschoten, dy't nei it bûtenlân giet. Njonken Bunschoten nimme ek Valentijn Lietmeijer en Nate Kratch ôfskied fan Aris.