Nij keunstwurk by Appelskea moat werkenberens N381 fersterkje

By de Oude Willem oan de N381 by Appelskea komt in wurk fan keunstner Frank Havermans te stean. It keunstwurk moat neffens de provinsje de werkenberens en de útgongspunten fan de provinsjale dyk N381 fersterkje.
© Provinsje Fryslân
It ûntwerp fan Frank Havermans bringt it graven fan sleatten mei in talúdbak, grinspealtjes mei swart-wite streken en natuer byinoar.
Yn septimber set de bou útein. Takom maitiid moat it keunstwurk klear wêze. De kosten foar it keunstwurk binne likernôch 100.000 euro.