Provinsje komt mei ekstra maatregels om tal ferkearsdeaden te ferminderjen

10 jul 2018 - 21:20

It tal minsken dat om it libben komt yn it Fryske ferkear moat rap omleech. Dat fynt it kolleezje fan Deputearre Steaten, dat mei ekstra maatregels en mear gearwurking komme wol. Ferline jier kamen 23 minsken om it libben yn it ferkear yn de provinsje.

De N355 by Quatrebras is ien fan de gefaarlike diken - Foto: Google Streetview

De maatregels dêr't it kolleezje mei komme wol, rjochtsje har benammen op it tsjingean fan alkoholgebrûk, de oanpak fan te hurd riden en it feiliger meitsjen fan fytspaden en autodiken. It kolleezje lûkt dêr hast in miljoen euro foar út.

''Eltse ferkearsdeade is ien tefolle'', seit deputearre Sietske Poepjes

Op fersyk fan Provinsjale Steaten pakt de provinsje earder as de bedoeling wie in tal gefaarlik lokaasjes yn it ferkear oan. It giet bygelyks om de N355 tusken Quatrebras en Twizel, de N359 fan Boalsert nei Warkum en de N384 tusken Doanjum en Tsjummearum.

Deputearre Sietske Poepjes oer wêrom't in tal knyppunten earder oanpakt wurdt

(advertinsje)
(advertinsje)