Gemeente Ljouwert wol Blokhúspoarte ekstra jild liene

10 jul 2018 - 20:56

De gemeente Ljouwert is ree de eigener fan de Blokhúspoarte yn Ljouwert in bedrach fan op syn meast 1,35 miljoen euro te lienen. It jild is bedoeld om de ferbouwing fan de eardere finzenis ôf te meitsjen. Eigener BOEi fan de Blokhúspoarte melde begjin dit jier in tekoart te hawwen by de ferbouwing. It wurk leit sûnt dy tiid ek stil.

Foto: Omrop Fryslân, Ate Wielstra

Koartlyn joech BOEi by de gemeente oan dat it fynt dat de gemeente it tekoart foar syn rekken nimme moat. De gemeente hat no oanjûn BOEi allinnich jild liene te wollen. Dat moat dan yn de kommende jierren werombetelle wurde.

"Ferbouwing moat ôf"

Ljouwert komt mei it foarstel foar de liening, om't de gemeente wol dat de werûntwikkeling fan de Blokhúspoarte op koarte termyn ôfmakke wurdt. It giet dan ûnder oare om it werynrjochtsjen fan de pleinen en de kantoaren foar de kreative bedriuwen. Fierders moat de kapel ek noch ôfmakke wurde.

Oft BOEi akkoart giet mei it foarstel, moat bliken dwaan by it ferfolch fan de ûnderhannelingen mei de gemeente. Salang't dy rinne, wol de gemeente gjin taljochting jaan op it foarstel. Mocht BOEi de liening wolle, dan moat de gemeenteried der noch wol mei akkoart gean.

(advertinsje)