Koarting foar skoalbern dy't mei it iepenbier ferfier reizgje

10 jul 2018 - 20:39

Skoalbern tusken de 12 en 18 jier út de gemeente Súdwest-Fryslân krije tenei koarting op it reizgjen mei de trein. Bern yn Súdwest-Fryslân binne mear as earne oars op de trein oanwiisd as se nei skoalle moatte. De âlden moatte dêrtroch folle mear oan reiskosten betelje. Troch in koarting tusken de 400 en 800 euro yn 't jier kinne dy bern tenei foar in reedlik bedrach nei skoalle ta.

Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Foar it reizgjen mei de bus krije learlingen fan middelbere skoallen yn de hiele provinsje koarting op it busabonnemint Altijd Vrij Fryslân. It giet om in koarting fan 25 euro foar in moannekaart en 250 euro by in skoallejierkaart. Foar 79 euro de moanne kinne bern frij mei de bus reizgje troch hiel Fryslân.

It is de bedoeling dat de koartingen de kommende fjouwer jier jilde. Yn totaal ynvestearret de provinsje 1,35 miljoen euro yn de koartingsregelingen.

Goedkeaper mei bus of trein nei skoalle ta

(advertinsje)
(advertinsje)