Enerzjyakkoart freget om serieuze oanpak

10 jul 2018 - 20:12

De kontoeren fan it tiisdei presintearre enerzjyakkoart binne ambisjeus. Huzen enerzjyneutraal meitsje, folle meer sinne- en wynenerzjy en ierdwaarmte brûke. Dy saken moatte op grutte skaal oppakt wurde. Mar hoe moatte dy grutte plannen allegearre harren beslach krije? En wat betsjut it foar de gewoane boarger. Hoe moatte dy it eigen hûs enerzjyneutraal meitsje, wat kostet dat en hoe moatte hy of sy dat betelje? En wêr moatte al dy sinneparken en wynmûnen komme te stean?

Bouwe de Boer

Foto: ANP

John Vernooij

Omrop Fryslân prate dêroer mei enerjysaakkundige Bouwe de Boer en foarsitter John Vernooij fan Fossylfrij Fryslân. Neffens De Boer kinne húseigeners aansten in liening ôfslute om harren hûs enerzjyneutraal te meitsjen. Dy liening is net keppele oan de húseigener, mar oan it hûs. Rûnom mar sinne- en wynparken oanlizze is net de goede wei, fynt John Vernooij fan Fossylfrij Fryslân. Der stil in kar makke wurde moatte foar grutte sinne- en wynparken, of foar in oare oplossing.

Trefwurden: 
enerzjyakkoart
(advertinsje)