Ynwenner Ljouwert fermist

10 jul 2018 - 20:08

De plysje freget tips oer de fermiste Oleh Mudrak út Ljouwert. De 25-jierrige man waard 8 july foar it lêst sjoen yn syn wenplak. Mooglik is er dêrnei noch sinjalearre yn Himmelum.

Oleh Mudrak is 1.85 meter grut en hat donker hier. Doe't er foar it lêst sjoen waard hie er in griisbrune simmerjas oan, in t-shirt en in spikerbroek. Hy hie in swarte rêchsek by him en in swart/pearse sporttas. Yn de rêchsek sit nei alle gedachten in laptop.

Wa't tips hat, wurdt frege kontakt mei de plysje op te nimmen op telefoannûmer 0800-6070.

Trefwurden: 
Ljouwert fermist Oleh Mudrak
(advertinsje)