Rêdingsaksje smyt neat op, markante stedsherberch yn Snits sloopt

10 jul 2018 - 18:46

It hert gûlt fan guon Snitsers. It âlde Boumagebou op 'e hoeke fan de Ljouwerterwei yn de stêd leit hielendal plat. De eardere stedsherberch dy't yn 1843 boud waard, wie bot fertutearze en net mear bewenne. Dochs hiene guon echte Snitsers graach wollen dat it restaurearre wurde soe. Der waard sels in aksje op tou set: 'Red het Boumapand'. Mar dat hat net holpen.

Theo Jaasma foar it Boumapân - Foto: Omrop Fryslân, Simone Scheffer

Theo Jaasma

Theo Jaasma wie ien fan de aksjefierders. Hy hat alle war dien mei noch in pear oare bewenners fan Snits om de sloop op te kearen, mar dat slagge net. It docht him sear en hy hie sels muoite om te sjen by it sloopplak. Hy hopet dat, as der plannen binne om oare gebouwen te slopen, dat hy dat dan wol opkeare kin.

De stedsherberch yn Snits foar de sloop - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)