Wurkstraffen foar trochferkeap oanspielde kokaïne It Amelân

10 jul 2018 - 18:27

In 27-jierrige man út Nes op It Amelân en in 44-jierrige man dy't dêr ek wenne hat, hawwe wurkstraffen krigen om't se besocht hawwe kokaïne troch te ferkeapjen. De kokaïne spielde begjin jannewaris 2017 oan op it strân fan It Amelân.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De Amelanner hie it guod fûn. De oare man hie betocht dat se it net nei de plysje bringe moasten, mar sels ferhannelje koene. De man koe it jild goed brûke. Hy wie ferslave en siet yn de skuldsanearring. Hy besocht it yn Maastricht oan de man te bringen, dêr't er fan oarsprong weikaam.

Wurkstraf

De saak kaam út om't ien op it eilân heard hie dat de man út Nes kokaïne fûn hie op it strân. De âld-Amelanner krige 150 oeren wurkstraf, de man út Nes moat hûndert oeren ferplichte oan it wurk.

(advertinsje)