It Amelân krijt Gerard van Klaveren as waarnimmend boargemaster

Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat Gerard van Klaveren tiisdei beneamd ta waarnimmend boargemaster fan It Amelân. De beneaming jildt foar oardel jier, yn dy tiid moat Van Klaveren soargje foar politike stabiliteit op it eilân. Mocht dat ein takom jier noch net slagge wêze, dan sil der wachte wurde mei de proseduere foar in kroanbeneamde boargemaster.
Gerard van Klaveren (l.) en kommissaris fan de Kening Arno Brok © Provinsje Fryslân
De 67-jierrige Van Klaveren wie earder tolve jier boargemaster fan Weststellingwerf en dêrfoar acht jier deputearre foar de VVD yn Fryslân. Hy folget Albert de Hoop op, dy't ôfrûne freed nei tolve jier ôfskie naam as boargemaster fan It Amelân.
De beneaming fan Van Klaveren kriget de stipe fan in delegaasje fan de gemeenteried fan It Amelân, dy't foar de beneaming mei de nije boargemaster praat hat. Dy wie foardroegen troch de hear Brok, neidat er fan de gemeenteried in koarte profylskets krigen hie.