Ljouwerter camperplakken drok beset, ek troch LF2018

10 jul 2018 - 18:02

In soad minsken kieze faker foar in mear aventoerlike fakânsje. Dêrtroch giet de ferkeap fan campers rap omheech.

Op de beide camperplakken fan Ljouwert is it drok, ek fanwege Kulturele Haadstêd. It camperplak yn Lekkum is spesjaal foar Ljouwert-Fryslân 2018 in jier earder iepen gien. Se soene eins takom jier pas iepen. Op guon dagen sit 'Lekkum' hielendal fol. Lekkum is in lúkse camperplak mei in waskromte, stoartdûsen en grillplakken bûtendoar.

It camperplak yn de Ljouwerter wyk Suderbuorren bestiet no goed in jier. Dêr is it ek drok.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
campers Lekkum Suderbuorren
(advertinsje)