Mooglik gjin straf foar belutsenheid deadlik ûngelok Wilhelminaoord

10 jul 2018 - 17:56

In frachtweinsjauffeur út Fryske Peallen, dy't belutsen wie by in deadlik ûngelok yn Wilhelminaoord, krijt nei alle gedachten gjin straf. Neffens de offisier fan justysje falt de man strafrjochtlik sjoen neat te ferwiten. Se frege dêrom tiisdei by de behanneling fan de saak om frijspraak.

Yn febrewaris 2016 kaam in 81-jierrige frou om it libben doe't se ûnder de frachtauto fan de man kaam. Dat wie doe't de man mei lege snelheid achterút ried en de frou dêrby oer de holle seach.

De saak soe ferline jier april al behannele wurde, mar waard doe útsteld omdat der noch neier ûndersyk dien wurde moast. It gie ûnder oare om in rekonstruksje fan it ûngelok. Dêrby koe lykwols net fêststeld wurde oft de sjauffeur de frou sjen kinnen hie.

Oer in pear wike wurdt bekend of de rjochtbank meigiet yn it fersyk fan de offisier fan justysje.

(advertinsje)