Brûkers fan Maple-redens teloarsteld oer ferhúzjen fabryk

10 jul 2018 - 16:59

Dat it redensfabryk Maple Skate fallyt is en ferkocht is oan in Súd-Koreaansk bedriuw is in direkt gefolch fan de legere ynteresse yn it langebaanriden yn oare parten fan de wrâld. Dat seit Kip Carpenter, de assistint-trainer en materiaalman fan de Nederlânske shorttrackploech. Neffens him is der yn de wrâld minder ynteresse foar it reedriden op de langebaan en hat dat fuort ynfloed op de ferkeap fan de spesjalisearre redens dy't Maple Skate makke.

Carpenter makket sels de skuon dy't boppe de izers fan de redens komme. Dy wurde makke fan karbon. Dêrtroch stie Carpenter altyd fuortendaliks yn kontakt mei de fabrikant fan de topredens.

Neffens Carpenter is it mar de fraach oft oare fabrikanten like goed binne yn it meitsjen fan de izers. "Ik maak me daar wel zorgen over, het is niet zo dat je met wat lijm, een schoen en ijzers een goede schaats hebt."

We hienen altyd in goede bân mei Maple

Shorttracker Rianne de Vries

Ek shorttracker Rianne de Vries is net bliid mei it ferdwinen fan Maple Skates út Fryslân. Sy en bygelyks Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma ride op Maple, Sjinkie Knegt ried der ek in skoftlang op. "Ik fyn it hiel spitich", seit De Vries. "Wy hienen altyd in goede bân mei Maple. It wie ek maklik dat it op It Hearrenfean wie. Sa no en dan woenen wy bygelyks nei in training wat oars ha oan de izers, dan koenen wy fuort delkomme. Mar ek as wy yn it bûtenlân wienen en wy hienen wat stikken. Dan stjoerden se fuort nije redens op. "

"Ik kin earst no wol foarút op myn reserveredens mar dêrnei moat ik nei wat oars sykje", seit se. "Der binne gelokkich mear fabrikanten, mar wol skande dat Maple út Fryslân ferdwynt."

(advertinsje)