Duo kriget selstraf foar mishanneling 17-jierrige Snitser

Twa manlju fan 25 jier út Snits en Ljouwert hawwe tiisdei tsien en njoggen moanne sel krigen, omdat se in jonge fan 17 jier op strjitte yn Snits oerfallen en bestellen hawwe. De fertochten hâlden de jonge oan, setten syn fyts op slot, mishannelen him en pakten him syn beurs ôf. De twa ûntkenden, mar op it plak fan de oerfal waarden in plestik bekerke en in blikje fûn mei DNA-spoaren fan harren.
De Snitser hat alris earder feroardiele west foar in soartgelikens konflikt.