Beleeftún makket libben bewenners Lindestede draachliker

10 jul 2018 - 16:29

Foar bewenners fan ferpleechhuzen komme hieltyd mear fasiliteiten dy't it libben draachliker meitsje. Ut ûndersyk docht bliken dat hast de helte fan ferpleechhûsbewenners graach nei bûten wol. Dat kin by ferpleechhûs Lindestede yn Wolvegea yn de beleeftún. Dy is foar it grutste part troch frijwilligers oanlein.

Tún mei blommen, griente en fruit - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte

Leechdrompelich

Bewenners, harren gasten, mar ek minsken út de buert kinne der kuierje, sitte, gymnastykoefeningen dwaan, griente ferbouwe en ite. It doel is om de beleeftún sa leechdrompelich mooglik te hâlden, sadat bewenners yn kontakt komme kinne mei oaren.

Tún mei blommen, griente en fruit - Foto: Ronnie Porte

Foar minsken út dit lanlike gebiet, dy't wend binne om yn de natuer en mei grien dwaande te wêzen is de beleeftún ideaal. It is foar de bewenners altyd goed om yn it grien dwaande te wêzen, mar se kinne der ek picknicke en bûtenkonserten hâlde. De offisjele iepening is op 20 septimber. De tún is no al folop yn gebrûk.

(advertinsje)