Bewenners soarchsintrum steane fan 'e wike op de camping
Bewenners soarchsintrum op de camping
Bewenners fan de fersoargingshuzen De Beuckelaer yn Sint-Anne en Nij Bethanië yn Tsjummearum steane fan 'e wike op de kemping. Sa kinne se it fakânsjegefoel wer belibje, dat se normaal net mear meikrije, omdat se op jierren binne. Soarchsintrum Het Bildt hat soarge foar in tinte en in camper, dêr't de minsken de hiele dei ferbliuwe kinne. Se komme moarns en geane jûns wer nei hûs.