Wurkstraf foar taksyrider dy't de hannen net thúshâlde koe

10 jul 2018 - 15:53

De rjochtbank yn Ljouwert hat in taksysjauffeur (32) in wurkstraf fan tachtich oeren jûn, omdat er in famke fan 17 betaaste hat, wylst er har fan Snits nei Goaiïngaryp brocht. Under it riden siet de man oan de skonken fan it famke. Hy sei dat se moaie skonken hie en sei "Je maakt me gek."

De rjochtbank nimt it de man kwea ôf dat er as beropssjauffeur gjin ôfstân fan syn klant nimme koe. Hy moat it famke in skeafergoeding fan 1300 euro betelje. De man is troch it ynsidint syn Verklaring Omtrent Gedrag kwyt en is fallyt ferklearre.

Trefwurden: 
rjochtbank taksysjauffeur
(advertinsje)
(advertinsje)