Pontsje nei Starteilân wurdt boat fan it jier fan Snits

De pont MS Albatros wurdt by de iepening fan de Snitswike beneamd ta 'Boat fan it jier 2018'. Mei de komst fan de fearpont yn 1990 koene fiif kear safolle minsken as earst tagelyk oerset wurde fan de fêste wâl nei it Starteilân yn de Snitser Mar. De Albatros is dêrmei al tritich jier in belangrike skeakel foar de syl- en wettersportaktiviteiten op de mar.
De Snitswike pont Albatros © JDG fotografie
De Albatros kin tachtich minsken yn ien kear oersette. De pont wurdt ek ynset om auto's oer te setten en foarrieden oer te bringen nei it restaurant op it Starteilân.

Nije pont

Op it heden wurdt boud oan in nije fearpont. Dy komt yn oktober yn de feart. Dêrmei komt in ein oan de ynset fan de Albatros. De Floatskoukommisje fan de Snitswike en de Stichting Sneek Promotion wolle de fearpont dit lêste aktive jier ekstra yn it sintsje sette. Se hawwe him dêrom beneamd ta boat fan it jier.

Te drok foar floatskou

De Albatros fart net mei yn de floatskou by de start fan de Snitswike op 3 augustus, sa't wol it gebrûk is mei oare boaten fan it jier. Dat komt omdat er dan noch folop yn gebrûk is en net mist wurde kin.