Geert fileart #3: Hylke

10 jul 2018 - 14:46

Geert van Tuinen is keatsferslachjouwer, keatsleafhawwer én keatskritikus. Yn de searje 'Geert fileart' is net ien feilich. In pear kear yn it keatsseizoen nimt hy de keatsers, de bestjoerders of coaches op de hakke. Geert analisearret, bekritisearret en filearret de keatswrâld. Dus pas op!

Foto: Omrop Fryslân, Oane Hoekstra

Ofrûne snein kaam ik him wer ris tsjin op in haadklassepartij. Dat wie in skoft lyn, want hy wie earst blessearre en dêrnei wie ik op reis. Mar snein, yn Boalsert, seagen we elkoar wer. Ik ha it oer Hylke. Hylke Bruinsma. Haadklassekeatser út Minnertsgea.

Ik siet op in bankje yn Boalsert en dêr kaam hy oanskarreljen, tegearre mei syn maat Menno van Zwieten. Ik joech Hylke de hân en frege hoe't it mei him gie. Dat wie in bytsje freegje nei it bekende paad, want ik wist fansels dat hy it seizoen blessearre begûn wie en dat hy ûndertusken, wylst ik yn it bûtenlân wie, besletten hie om nei de PC syn karriêre te beëinigjen.

Dat beslút lies ik yn myn fakânsje en it liet my net los. "Nei de PC hâld ik dermei op." It fielde as oft Hylke in soarte fan mentale tiidbom pleatste ûnder syn eigen ôfskied. Ik sil besykje dat út te lizzen. Ferline jier, op de dei foar de PC, ferstoar Hylke syn heit hommels. Fierstente jong; fierstente ûnferwachts. As de dea ea in skokeffekt hân hat, dan wie it wol it hastich ferstjerren fan Hylke syn heit. Hylke naam, fansels, it beslút om de PC net te keatsen en de keatswrâld libbe mei him en syn famylje mei. It hie syn 13e (!) PC wurde sillen. Hylke kaam werom op de fjilden en keatste yn 2017 noch 22 punten by elkoar. Net in superseizoen, mar yn 2018 soe de tried wer goed oppakt wurde. Mei syn maten Menno van Zwieten, in opslagger dy't ûnferwachts sterk út de hoeke komme kin, en it grutte talint Erwin Zijlstra soe 2018 wer ris âlderwetsk goed wurde moatte.

Yn it winterskoft luts Hylke de fuotbalskuon oan en ferdigene hy de pompeblêdekleuren fan de fuotbalferiening Minnertsgea. En dêr gie it mis. Yn febrewaris rûn Hylke in knibbelblessuere op. En dy blessuere koste him it begjin fan it keatsseizoen. In meniskus lei dwers en in operaasje moast deroan te pas komme om Hylke fan pine en beheiningen ôf te helpen. Nei de PC, want dy sil en moat hy keatse. En doe naam Hylke ek it beslút om op de PC syn karriêre te beëinigjen.

Op himsels komt Hylke mei goede, rasjonele arguminten om der definityf mei op te hâlden. 33 jier ûndertusken; lang meidraaid; gesin; jonges dy't de leeftiid krije om sels te sporten en dus mear omtinken fan heit fertsjinje. Neat mis mei dy arguminten. Mar djip yn syn hert soe Hylke noch wol troch wolle. En dat docht hy ek wis foar syn doarp, Minnertsgea. Want sa sei Hylke: "Ik train takom jier wol yn de tarieding, want dan kin ik de ôfdielingspartijen foar Minnertsgea keatse." En ik tink dan: No, ast dan wer fit bist, moat ik noch sjen datst net wer werom komst. As ynfaller seker, mar miskien, mei dyn kwaliteiten, ek wol wer in frijeformaasjepartoer.

Hylke liet it snein in bytsje yn it midden. En dus jildt it beslút dat naam is: ôfskied nimme op de PC fan dit jier. En dêr krij ik dus wat pinebúk fan. Ik seach Hylke en syn maten keatsen yn Boalsert snein. Kânsleas waard hy der ôffage troch it partoer fan Bauke Triemstra: 5-0 6-2. En ik tocht oan de PC. Dêr't Hylke dus foar it lêst keatse sil op it heechste nivo. In like skitterjend as uterst gefaarlik poadium om ôfskied te nimmen. Seker foar Hylke. Want hy sil dêr op 1 augustus al mei it moed fol en in dûbel gefoel stean. Tinke oan syn heit. Dy't der sûnt de PC dei fan ferline jier net mear is. Gean dêr mar ris mei om. En dan witte dat it je lêste keunstke is. En witte dat je net fit binne.

It wurdt op foarhân in fet fol emoasje. En wêr't ik no sa bang foar bin is dat Hylke, krekt as yn Boalsert, der yn de earste omloop ôffage wurdt. Kânsleas. En dat in ûnwillige knibbel in goede prestaasje fan Hylke yn it paad stean sil. Dat de PC in desepsje wurdt. Fansels: it publyk sil Hylke wis omearmje as hy fan de PC in boskje blommen yn de hannen treaun krijt. Hylke sil it applaus krije dat hy fertsjinnet. Mar de kâns dat Hylke him op 1 augustus ferskriklik ûngelokkich fiele sil is wat my mar dwaande hâldt. Omdat hy dat net fertsjinnet. Omdat Hylke, faaks wat brimstich yn syn gedrach, rjocht op in better ôfskied hat. Omdat hy jierrenlang in faktor fan betsjutting west hat yn it haadklassekeatsen. Omdat hy yn 2013 as PC-winner fan it Sjûkelân ôf rûn is. Omdat hy dochs mar moai mear as 300 punten by elkoar slein hat. Omdat hy in knokker is. Omdat sa'n ôfskied jierrenlang hingjen bliuwt.

Omdat Hylke Hylke is.

Ik reitsje dit eangstsenario mar net kwyt en tagelyk hoopje ik dat Hylke dit besparre bliuwt. Dat hy op de PC noch ien kear boppe himsels útstige kin. Dat syn maten dat ek dogge. Dat Hylke de dei as in held ôfmeitsje kin, yn hokker omloop it dan ek einiget. Dat hy mei it boarst foarút en de kop omheech ôfskied nimme kin fan it keatsen. Syn keatsen. Dat hoopje ik. Mar dy aaklike dream giet mar net fuort. Hylke nimt in grut risiko troch op de PC ôfskied te nimmen. Topsport is bikkelhurd en hâldt yn it spul gjin rekken mei dizze emoasjes. Ik kin mar ien ding sizze, Hylke: "Doch dyn bêst en lit ús op 1 augustus troch dyn spul witte dat dêr, op it Sjûkelân, de bal ús hert rekket. En ik sil wer better sliepe."

Trefwurden: 
keatsen Geert fileart
(advertinsje)