Maple Skate op It Hearrenfean ferkocht

10 jul 2018 - 13:17

It is net slagge om it Fryske redensfabryk Maple Skate op It Hearrenfean hjir yn Fryslân te hâlden. It bedriuw frege in pear moanne lyn it fallisemint oan en hoewol't der hope wie op in trochstart, is dat net slagge. En dêrmei ferdwynt it fabryk dêr't redens makke waarden dêr't olympysk kampioenen as Jorrit Bergsma en Kjeld Nuis har súksesen mei behellen.

De bekende gouden izers fan Maple Skate - Foto: Omrop Fryslân

Kurator Rimar Goudberg

Yn totaal hat advokatekantoor Verdonk ûnderhannele mei trije oernamekandidaten, werûnder twa Súd-Koreaanske bedriuwen en ien út Amearika. Ien fan de Súd-Koreaanske bedriuwen hat Maple Skate úteinlik oernaam. Dat wie flak foar't de grutte foarried fia in feiling ferkocht wurde soe. Dy grutte foarried wie in grutte stroffelstien by in mooglike oername. Wa't it bedriuw oernimme woe, moast in soad jild op it kleed lizze. It Súd-Koreaanske bedriuw hânhavenet de namme Maple Skate, mar slút it fabryk op It Hearrenfean. De heech oplate, technyske, meiwurkers hiene de ôfrûne tiid al wer in nije baan fûn.

It fabryk Maple Skate op It Hearrenfean - Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
Maple Skate
(advertinsje)
(advertinsje)