Mear en mear Friezen bekend mei blauwe disel

10 jul 2018 - 13:09

De miljeufreonlike blauwe disel wurdt hieltyd mear bekend yn Fryslân. Foaral troch de Elfwegentocht witte in soad minsken no dat it produkt bestiet. Mar net folle minsken witte dat der in Frysk bedriuw achter sit, Future Fuels út Aldehaske. Guon minsken binne huverich om blauwe disel te tanken. Direkteur Germ Wiersma fan Future Fuels is resolút: "It kin yn alle disels, âlde en jonge auto's."

Hanneke Schmeink, inisjatyfnimmer fan de blauwe diselpomp yn Aldehaske - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Direkteur Germ Wiersma oer de blauwe disel

Direkteur Germ Wiersma, de fiifde generaasje fan it bedriuw yn Aldehaske, fertelt dat blauwe disel 30 oant 50 persint skjinner is as gewoane disel. De CO2-reduksje is sels 90 persint. Mei troch de Elfwegentocht wurdt de blauwe disel hieltyd bekender. Blauwe disel wurdt makke út plantaardige ôffaloalje. Op dit stuit kin Wiersma de fraach noch wol oan. Omdat der eksperimintearre wurdt om blauwe disel ek fan âld papier, âlde bannen, algen en plestik te meitsjen, ferwachtet hy yn de takomst ek gjin swierrichheden.

(advertinsje)
(advertinsje)