Middenfjilder Kevin Schindler achtste nije spiler foar Cambuur

10 jul 2018 - 12:18

SC Cambuur hat de Dútske middenfjilder Kevin Schindler foar ien seizoen fêstlein, mei de opsje foar noch in seizoen. De 30-jierrige Schindler is de achtste nije spiler yn de seleksje fan de Ljouwerters. Schindler trainde de ôfrûne wike al op proef mei by Cambuur en die freed ek in helte mei yn de oefenwedstriid tsjin DTD.

Foto: www.dijksfotografie.nl

Hy hat de jeugdoplieding fan Werder Bremen trochrûn en spile ek yn nasjonale jeugdteams fan Dútslân. Letter spile er ûnder oare by Hansa Rostock, FC Augsburg en MSV Duisburg. It ôfrûne seizoen kaam Schindler út foar FC Cincinnati yn Amearika.

Foeke Booy, de technysk manager fan de Ljouwerters, is wiis mei Schindler: "We halen met Kevin de nodige ervaring binnen. Dat kan deze jonge, gretige groep goed gebruiken. Hij is een leider en brengt enorm veel rust binnen en buiten de lijnen."

(advertinsje)
(advertinsje)