FNV-bestjoerder Anne van Dijk nei 39 jier mei pensjoen

10 jul 2018 - 11:41

FNV-bestjoerder Anne van Dijk giet nei 39 jier mei pensjoen. Van Dijk kaam yn de kunde mei it fakbûn doe't hy by in metaalbedriuw yn Ljouwert wurke. Hy waard kaderlid en kaam al gau yn de ûndernimmingsried.

Anne van Dijk - Foto: Marijke Wijntjes Fotografie

As bestjoerder wurke hy benammen yn Grinslân, mei ûnder oare de kartonyndustry yn syn portefúlje. Neffens de noch altyd striidbere Van Dijk is syn wurk noch hieltyd net dien. "De oanfallen op de wurknimmersfoarsjenningen gean troch, lykas de striid dêrtsjin."

It steurt Van Dijk dat it fakbûn yn guon gefallen opkomme moat foar rjochten út de foarige iuw. Nei't er mei pensjoen is, sil Van Dijk oan de slach as klachtekonsulint en kaderlid. Hy sil de kontakten op de wurkflier it meast misse.

(advertinsje)
(advertinsje)