Eigener Blokhúspoarte wol jild sjen fan gemeente Ljouwert

De takomst fan de Blokhúspoarte kin net garandearre wurde as de gemeente Ljouwert net mei in finansjele ynjeksje fan 2,7 miljoen euro oer de brêge komt. Eigener BOEi fan de Blokhúspoarte hat dat jild nedich om de bou fan de Blokhúspoarte ôfmeitsje te kinnen en fasiliteiten lykas in goed netwurk foar ynternet oan te lizzen.
De Blokhúspoarte yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Ek ferskate hierders ha har búk fol fan alle gebrekken yn en om har wurkromten. Se ha dat mei-inoar yn in brief oan eigener BOEi witte litten. Wurdfierder Silvia Pijnenborg fan BOEi fynt dat de gemeente dêrom de morele plicht hat om eardere ôfspraken no ek nei te kommen.
Begjin dit jier waarden de bouwurksumheden stillein doe't bliken die dat de bou goed 5 miljoen mear kostje soe as it budzjet fan 20 miljoen euro. BOEi hat doe sels 2,7 miljoen ekstra op tafel lein. Dy bydrage is neffens Pijnenborg ûnder betingst dat de gemeente foar de oare 2,7 miljoen soargje soe.
De gemeente wol foarearst gjin kommentaar jaan. Wol stiet tiisdeitemiddei in petear mei de belutsen partijen op 'e aginda.