Lytsskalige kustfiskers wolle pulsfrije sône fan 3 myl

De lytsskalige kustfiskers fan Nederlân ha minister Schouten frege om in pulsfrije sône fan 3 myl út de kust yn te stellen. De fiskers sjogge harren fangsten, sûnt de ynfiering fan de pulsfiskerij, weromrinnen. Guon fiskers binne der om dy reden mei opholden.
© Omrop Fryslân, Remco de Vries
De pulsfrije sône wurdt sjoen as tydlike maatregel, oant der mear dúdlikheid is oer de pulsfiskerij. Neffens de lytse fiskers wurde harren needgjalpen al jierrenlang negearre. Se sizze dat der by harren wurkwize minder druk op de fiskstân en it miljeu is en dat de sektor relatyf sjoen de heechste wurkgelegenheid hat.