Bestjoerder ferwûne by ûngelok op A7

Twa auto's binne tiisdeitemoarn betiid troch noch ûnbekende oarsaak opinoar botst op de A7 by Beetstersweach.
© SRfotografie
Ien fan de auto's bedarre nei de klap tsjin de fangrail. De bestjoerder rekke ferwûne oan de holle en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht. Ien rydbaan waard ôfsletten foar it oare ferkear. Dêrtroch ûntstie in file yn de rjochting fan Drachten. De plysje ûndersiket hoe't it ûngelok gebeure koe.