Kollum: "Seldsum as stront fan hobbelhynders"

"Der ha tiden west dat ik it minder drok hân ha. Ik sil jim net lêstich falle mei wat dy drokte te betsjutten hat, mar tiid om à la Al Bundy mei de hân yn de broek foar de telefyzje te hingjen ha ik net.
© Omrop Fryslân, Joris Kalma
De Toan fan Willem Schoorstra
Nei sa'n skoft fan ûnthâlding kin ik jim melde dat ik it ek net mis. Tradisjonele telefyzje rint op syn lêste poaten. Ynteressante en boeiende programma's binne like seldsum as stront fan hobbelhynders. It iennichste dat ik it ôfrûne jier wol mist ha is de sport. Of mear spesifyk: it hurdfytsen. Yn it foarjier in inkelde klassiker, sa goed as neat fan de Giro d'Italia. Hurdfytsen hat altyd ien fan myn grutte passys west. In hurde sport dy't him ôfspilet yn it dekôr fan de wrâld, yn stee fan yn in stadion. In sport ek dêr't sa no en dan spitigernôch deaden by falle. In swiere sport dy't de beoefeners dêrfan geregeld nei middels gripe lit dy't net tastien binne. Soms om foar de oerwinning mei stride te kinnen, faker noch om koersen lykas grutte 'Ronden' út te riden, inkeld en allinne omdat it in útputtingsslach is. It is dy sport dy't my altyd it bloed troch de ieren jaget.
Likegoed hat der ek in tiid west dat ik sljocht op fuotbaljen wie. Om sels te dwaan, en om nei te sjen. Dat feroare doe't der hieltyd mear wedstriden op 'e telefyzje útstjoerd waarden. Op Plovdiv tsjin Nicosia siet ik echt net te wachtsjen. Dochs wie de frekwinsje fan wedstriden net it iennichste wêrtroch't ik minder nocht oan it fuotbaljen krige. Dat wie ek it spul sels, of better sein de spilers dy't it diene. Hoe'tst derút seachst begûn stadichoan wichtiger te wurden as dat watst op de gersmatte sjen lietst. Keppelje dat oan it hâlden en dragen fan âldelju dy't by de amateurs sneontemoarns harren jeugd as drilynstrukteurs oan stiene te fjurjen, en dêr hast de oanliedingen foar it ôfnimmen fan myn belangstelling.
Foar it WK yn Ruslân wie ik fandatoangeande net op 'e hichte fan de lêste stân fan saken yn de wrâld dy't fuotbal hjit. Mar dêr ha minsken as Eric Cantona en oaren my gau oer bypraat fia it ynternet. Sa wit ik no dat it meastepart fan de spilers ûnder de wedstryd om it hurtsje in 'Bijna Dood Ervaring' hat. Akteurs lykas Pepe, Suarez, Ronaldo en Neymar sjogge de dea gemiddeld sa'n hûndert kear de noggentich minuten yn 'e eagen. Gelokkich stean der yn it skoft tsien kappers, fiif nagelstilisten en likefolle prysters klear om harren der wer by te skuorren.
Dochs is it net allinne de fallende sykte dêr't ik my oer fernuvere ha. Nij foar my wie de 'Einleaze wiksel'. As in spiler wiksele wurdt begjint er elkenien op it fjild in hân te jaan, ynklusyf it arbitrale trio, de ballejonges en de famyljes fan de suppoasten. Hy freget ûnderweis nei de sydline in rydbewiis oan, smyt fleis op de barbekjû, ferskjinnet it hok fan de kavia en lit noch in tattoo sette op it lêste stikje skjin fel dat oer is.
It waard my dúdlik wêrom't ik ea ôfheakke bin. En it bytsje bankhingtiid dat ik ha leaver oan it hurdfytsen besteegje. Vive le Tour!"