Mooglik mear opliedingsplakken foar húsdokters yn Noard-Nederlân

09 jul 2018 - 23:41

Der komme mooglik mear opliedingsplakken foar húsdokters oan de Ryksuniversiteit yn Grins. Minister Bruno Bruins fan Medyske Soarch wol útsykje oft soks mooglik is. Dat hat er moandei tasein by in wurkbesite oan soarchfersekerder De Friesland. Dêr hat er him byprate litten oer it tekoart oan húsdokters yn Fryslân en dan benammen yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân

Bert van der Hoek

Dêr stean goed trijehûndert minsken op de wachtlist foar in húsdokter. De oplossing foar it probleem bestiet net, seit direksjefoarsitter Bert van der Hoek fan De Friesland. Der wurdt wurke oan meardere plannen, sa hat ek de minister moandei útlein. Hy wiisde De Friesland derop dat de soarchfersekerder in soarchplicht hat.

De kommende fiif jier giet sawat 40 persint fan de Fryske húsdokters mei pensjoen. De ynstream fan nije húsdokters is lang net genôch om oan de fraach te foldwaan. Om de soarch foar boargers te garandearjen is it nedich om de wize fan soarchferliening oan te passen, seit Van der Hoek. E-Health en nije technologyen spylje dêrby in grutte rol. Dat betsjut bygelyks dat minsken yn de takomst sels mear thús harren soarch regelje.

Trefwurden: 
húsdokter Minister Bruins
(advertinsje)