Haakte-tekkenprojekt mikt op 10.000 besikers

09 jul 2018 - 22:08

Der komme oankommend wykein sa'n 10.000 besikers nei Park Vijversburg yn Tytsjerk, sa is de ferwachting fan de organisaasje fan it haakte-tekkenprojekt fan Kulturele Haadstêd. Sneon en snein wurde alle tekkens oaninoar lein en presintearre.

Ferslachjouwer Andor Faber is yn de opslach fan de haakte tekkens

Op sosjale media krije de inisjatyfnimmers fan 'De Grootste Gehaakte Deken van de Wereld' al in soad reaksjes fan minsken dy't komme. "Ze komen zelfs uit het buitenland", fertelt Esmeralda de Vries fan de organisaasje. "Uit Malta, Litouwen, Noorwegen en België bijvoorbeeld. We verwachten toch zeker wel 10.000 mensen." By Park Vijversburg yn Tytsjerk, oftewol de Bosk fan Ypey, binne al oanfragen binnenkaam fan busmaatskippijen, dy't it wykein komme wolle en dêrby ek in bakje kofje of tee mei gebak hawwe wolle.

De inisjatyfnimmers binne al fjouwer jier dwaande mei it projekt, dat oankommende sneon en snein ta in hichtepunt komt. Dan wurde alle tekkens oaninoar fêstmakke, sadat it ien grut megatekken is. It nimt yn totaal 30.000 kante meter yn beslach. Tagelikertiid wurdt dêrmei ek it wrâldrekôr brutsen.

Help fan skoalbern

De hast 11.000 tekkens lizze no noch yn de opslach yn it âlde postsortearsintrum yn Ljouwert. Fan woansdei ôf wurde se reemakke foar de reis nei Tytsjerk. "Wy begjinne woansdeitejûn mei it ynpakken fan de frachtauto's", seit Peter Teitsma. "Tongersdei en freed lizze we se del yn it park, mei trije groepen skoalbern en sa'n fyftich oant hûndert frijwilligers." Freedtejûn moat alles klear wêze, sadat de besikers it fan sneon ôf besjen kinne.

Sjauffeurs socht

De organisaasje is noch wol op syk nei frijwilligers, dy't besikers it wykein mei pendelbuskes ferfiere wolle fan it treinstasjon yn Hurdegaryp nei Park Vijversburg. Minsken kinne har dêrfoar oanmelde troch in mailtsje te stjoeren nei ggdw2018@gmail.com.

(advertinsje)