UPDATE: Brân yn skipsrom Harns ûnder kontrôle

De brânwacht is moandeitejûn útriden foar it blussen fan in brân yn in frachtskip yn de haven fan Harns. De brân is yn it rom fan it skip. Wêrtroch't er ûntstean koe is noch net bekend.
© Stefan Postema
By de brân komt in soad reek frij. De brânwacht warskôget út dy reek te bliuwen en ruten en doarren ticht te dwaan. 'Rook is altijd schadelijk', sa waskôget de brânwacht yn in tweet. Der binne gjin minsken oan board. De brânwacht hat in heechwurker ynset.
UPDATE: It fjoer wie rap ûnder kontrôle. It sein 'brân master' is ûnderwilens al jûn.