Skoallen meie ynfallers faker ynsette sûnder dat dy in fêst kontrakt hoege te krijen

09 jul 2018 - 21:04

Skoallen yn it primêr ûnderwiis kinne it kommend skoaljier ynfalkrêften dy't sike leararen ferfange, meardere kontrakten achter elkoar oanbiede sûnder dat se dêrnei yn fêste tsjinst naam hoege te wurden. Dat hat minister Wouter Koolmees fan Sosjale Saken en Wurkgelegenheid besletten.

skoalleboerd - Foto: Shutterstock.com

It ferplicht oanbieden fan in fêst kontrakt nei in tal tydlike kontrakten soarget der op dit stuit foar dat skoallen by sykte lang net altyd in ferfanger ynhiere kinne. As needmaatregels wurde der dan somtiden klassen byelkoar set, âlden wurde optrommele om foar de klasse te stean of bern wurde nei hûs stjoerd. Mei it beslút fan de minister moat dat kommend skoaljier foarby wêze.

Jan Sijtsema fan de koepel fan kristlik ûnderwiis yn Fryslân is bliid mei it beslút. Neffens him hawwe de skoallen der lang foar stride moatten.

(advertinsje)