Ljouwerter bern meitsje eigen hingplak
Bern út de Ljouwerter wyk Heechterp-Schieringen binne al moannen dwaande om harren dreamplak te betinken en te meitsjen. Se dogge dat ûnder lieding fan ûntwerpster Lisette Bokma. "De grutste útdaging is de kreativiteit út de bern te heljen'', sa fertelt Lisette oer dit Kulturele Haadstêdprojekt.
Ljouwerter bern meitsje eigen hingplak
De bern en Lisette hawwe in lokaal fan de Plataanskoalle ta harren beskikking om hielendal om te toverjen ta harren dreamplak. "Er komt een gamehoek, een make-up-hoek en een relaxhoek waar je kunt chillen of studeren'', fertelt Ezmé. De romte wurdt op 13 july iepene. De bern hawwe kening Willem-Alexander útnûge om del te kommen. De kening kin net, want dy hat it te drok, sa wie de offisjele reaksje.
Ferslachjouwer Wendy Kennedy seach by de klussende bern

LF 2018
Omrop Fryslân jout rom omtinken oan Ljouwert-Fryslân 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa. Yn 'e foarm fan reportaazjes, nijsartikelen en resinsjes. Alles wurdt sammele op Omropfryslan.nl/2018.
De Kulturele Haadstêd-produksjes binne mei mooglik makke troch de Provinsje Fryslân.