Erwin Zeinstra net ynset by de heale finales fan it WK fuotbal

09 jul 2018 - 20:24

Assistint-skiedsrjochter Erwin Zeinstra út Dronryp komt net yn aksje by de heale finales fan it WK fuotbal yn Ruslân.

Erwin Zeinstra - Foto: www.orange-pictures.nl

De FIFA hat moandeitejûn bekend makke dat twa fan de leden fan syn team, Björn Kuipers en Sander van Roekel, wol yn aksje komme yn de twadde heale finale tusken Kroäsië en Ingelân, mar Zeinstra net.

Dy twadde heale finale stiet ûnder lieding fan de Turk Cüneyt Çakir en syn team. Björn Kuipers wurdt dêroan taheakke as fjirde official en Sander van Roekel as ferfanger. Earder waard al bekend dat de earste heale finale, tusken België en Frankryk, fluite wurdt troch Andrés Cunha út Uruguay en syn ploech.

Letter dizze wike wurdt bekend oft Zeinstra noch wol yn aksje komt by de finale fan snein of de wedstriid om it tredde plak fan sneon.

Helena Zeinstra oer har man Erwin Zeinstra

(Dit ynterview is opnaam doe't de kar noch net bekend makke wie.)
Trefwurden: 
fuotbal WK Erwin Zeinstra
(advertinsje)