Wurkgroep sil nij plan meitsje foar beamleane by gemeentehûs yn Frjentsjer

De gemeente Waadhoeke hâldt oare wike tiisdei in byienkomst oer it park by it gemeentehûs yn Frjentsjer. Guon ynwenners en riedsleden meitsje harren soargen oer it kappen fan beammen by de Dreeslaan yn de stêd. It is de bedoeling om oan de westkant fan it gemeentehûs beammen te kappen.
© Google Streetview
De gemeente wol no witte wat de krekte soargen en beswieren binne. In noch op te rjochtsjen wurkgroep sil dy fierder beprate. Dêryn komme omwenners, oare ynwenners fan Frjentsjer en fan de gemeente Waadhoeke te sitten. It is de bedoeling dat de wurkgroep nei de simmerfakânsje begjint. De wurkgroep moat ek in nij ûntwerp meitsje foar it park oan de westkant fan it gemeentehûs. Wannear't dat klear is, komt der op 'e nij in gearkomste.