"Wa't him drok makket oer de iel, kin dy it bêste mar in soad ite"

09 jul 2018 - 20:07

"Wa't him drok makket oer de iel, kin dy it bêste mar in soad ite." Dat seit ielrikker Dicky de Haan fan De Trieme. Hy doelt dêrmei op de kweekiel, wêrfan't in persintaazje net nei de hannel giet, mar kontrolearre útset wurdt. "Fan de glêsiel, dy't by in kweker grut wurdt en dan útset wurdt, bliuwt folle mear oer as fan glêsiel dy't fuortendaliks yn it binnenwetter komt".

Ielrikker Dicky de Haan by syn prizekast - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Dicky de Haan docht as amateur-ielrikker wol gauris mei oan wedstriden. Hy kriget dêr dan faak fragen fan minsken dy't ûngerêst binne. "Dan blykt dat se gjin idee hawwe hoe't it wurket yn dizze wrâld. Ik bin bliid dat ik dat no ris útlizze kin", seit de Wâldman, dy't him, sûnt er as strjitlizzer de rêch stikken hat, op it rikjen fan iel talein hat.

Reklame foar opiten bedrige fisksoart

De Haan reagearret mei syn opmerkingen op in brief dy't de Ljouwerter Partij voor de Dieren oan it kollleezje fan boargemaster en wethâlders stjoerd hat. De partij wol dat de gemeente gjin reklame mear makket foar wedstriden ielrikjen. Neffens de partij die de gemeente dat wol, mei oanpriizgjende teksten op Facebook en Twitter as: 'Laat je op de zomerfair van Baard verleiden door de heerlijke geuren en smaken van vers gerookte paling'. Neffens de Partij voor de Dieren giet it by iel om in bedrige en beskerme fisk en past it dus net dat de gemeente reklame makket foar it iten dêrfan.

It Ljouwerter riedslid Caroline de Groot fan de Partij voor de Dieren lit yn in reaksje witte dat se net op de hichte wie fan it feit dat it by de wedstriden meastentiids om kweekiel giet. "Maar dat maakt het niet minder erg, omdat kweekvis vaak uit een soort van bioindustrie komt."

Petear mei ielrikker Dicky de Haan fan De Trieme

(advertinsje)