Allinnich polityk wûnder kin plannen Cambuurstadion noch rêde

As der op 20 july gjin konkreet akkoart leit oer it WTC-gebiet, lûkt opliedingsynstitút Friese Poort him definityf werom út de plannen. As dat bart, giet de bou fan it Cambuurstadion en de ûntwikkeling fan it hiele terrein net troch. De takomst fan de WTC-plannen leit dan wer hielendal iepen. Dat blykt út ynformaasje dy't Omrop Fryslân heart fan alle belutsen partijen.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer
© Cambuur
It WTC-dossier like de goede kant út te gean, doe't de Stadion Ontwikkel Combinatie (SOC) mei boubedriuw Dijkstra Draisma en ûntwikkeler Wijckerveste yn gearwurking mei de topman fan suvelbedriuw A-Ware, Jan Anker, ein juny mei in akkoart nei bûten kaam foar de ûntwikkeling fan it plan. Allinnich de gemeente moast noch oer de brêge komme mei in tasizzing foar in finansjele bydrage en de ûntwikkeling fan de ynfrastruktuer ynklusyf parkearjen. Totale kosten: sa'n 11 miljoen euro. De gemeente hopet dat de provinsje dêr sawat de helte oan bydrage wol.

Friese Poort wol dúdlikens, gemeente moat earst mei provinsje prate

Mar al gau blykte de driging fan de Friese Poort dat der foar 20 july dúdlikens komme moast oer de bou fan in nije skoalle. Wurdfierdster Ilse van der Weide wynt der gjin doekjes om. "Dy datum is hurd." De gemeente soe de saak ferline wike woansdei beprate yn de gemeenteried. Mar dat is net trochgien, omdat de gemeente earst mei de provinsje om tafel woe oer in finansjele bydrage. Dat is ferline wike tongersdei bard, mar dat hat noch neat opsmiten.

Provinsje:"Gemeente is let mei freegjen help"

De provinsje is teloarsteld yn de gemeente omdat dy no pas om help freget. De gemeente hat in healjier lyn al wol in brief oan de provinsje skreaun. Mar dy is noait ferstjoerd. Provinsjale Steaten komme op 18 july foar it lêst gear foar de simmerfakânsje. De kâns dat dêr al in beslút falt oer provinsjale bydrage liket teoretysk. De Steaten hawwe noch hielendal net oer de kwestje praat. Deputearre Steaten kinne wol selsstannich beslute om de bydrage ta te sizzen. Mar dat leit polityk tige gefoelich en soe de koälysje tusken CDA, VVD, FNP en SP ûnder druk sette kinne. Op dit stuit lykje VVD en CDA foar, mar foar FNP en SP jildt dat net. Deputearre Sander de Rouwe stiet yn de kwesje polityk bûtenspul, omdat syn broer projektlieder is fan de WTC-plannen by Dijkstra Draisma. Dat de gemeente yn de kommende oardel wike selsstannich oer de brêge komme sil, wurdt ek in drege saak om deselde politike redenen.

Friese Poort: "Garânsje fan gemeente soe helpe"

Der soe romte komme kinne as de Friese Poort de garânsje fan de gemeente kriget dat harren gebou der wis komt, hoewol't dêr noch gjin politike oerienstimming oer bestiet. Dat jildt ek as de Friese Poort de gemeente en it konsortium noch wat mear tiid jout. Beide senario's binne ûnwierskynlik. In akkoart mei de Friese Poort is oan de gemeentried net út te lizzen en stiet boarch foar in politike rel. Friese Poort hat de belutsen partijen al in jier speling jûn, fan 1 july 2020 nei 1 july 2021. Fierder útstel is net mooglik fanwege de sterk ferâlderde en ôfkarde húsfêsting dêr't de skoalle mei kampt. De Friese Poort hat moandei hast de hiele dei op in gearkomste praat oer de situaasje. Offisjeel wurde der gjin meidielingen dien. Mar yntern is der net folle fertrouwen mear.

Takom wike nije trochbraak?

Achter en foar de skermen wurdt yntusken folop praat en ûnderhannele om de saak noch te rêden. Takom wike komme Deputearre Steaten byelkoar foar de lêste fergadering foar de simmer. De gemeente Ljouwert wol de saak ek takom wike op de aginda fan de ried sette. Tsjin alle politike mores yn moat der dan yn beide gremia in trochbraak komme. Allinnich in polityk wûnder kin it stadion en de plannen foar it hiele WTC gebiet noch rêde.