Scooterrider slacht frou en driget te stekken mei skroevedraaier

09 jul 2018 - 17:52

In scooterrider is sneintejûn oppakt foar mishanneling yn de Fryske haadstêd. De man hie rûzje krige mei fuotgongers. Dêrby soe ien fan de fuotgongers, in frou, klappen krige hawwe. Boppedat soe de scooterrider drige hawwe mei in skroevedraaier te stekken.

Nei ûndersyk en oan de hân fan in sinjalemint koe letter yn de Begoniastrjitte in 18-jierrige Ljouwerter oanhâlden wurde. De man is foar neier ûndersyk ynsletten.

Trefwurden: 
mishanneling scooterrider
(advertinsje)