Sportoersjoch: Turners yn de iishal en Fryske fierljeppers ferlieze mei in nij rekôr fan Hollân

09 jul 2018 - 17:41

Alle moandeis skoot ien fan ús sportferslachjouwers oan yn Fryslân Hjoed. Diskear hat Roelof de Vries it oer de turnynterlân dy't hâlden wurdt yn iistimpel Thialf op It Hearrenfean. Sneon en snein turnen de froulju dêr. Kommend wykein komme de manlju yn aksje.

En SC Hearrenfean oefene ôfrûne wykein tsjin Borussia Mönchengladbach ûnder de 23. De ploech giet no op trainingskamp as tarieding op it nije seizoen.

De Fryske fierljeppers rûnen sneon oan tsjin in pynlik ferlies by de twakamp tsjin de Hollanners. Der waard mei in histoarysk ferskil ferlern.

By it keatsen yn Boalsert stie der opnij gjin maat op it partoer fan Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Tjisse Steenstra. Troch de winst kaam Van der Bos op presys 500 klassemintspunten.

En koereur Nyck de Vries ried ôfrûne wykein syn rûntsjes op it ferneamde sirkwy fan Silverstone yn Ingelân. Mar hy foel net yn de prizen diskear.

Trefwurden: 
Sportoersjoch
(advertinsje)