Man frijsprutsen fan oplichting fia Marktplaats

De rjochtbank hat in ynwenner (26) Ljouwert frijsprutsen fan oplichting. De man hie op Marktplaats en Speurders guod te keap oanbean. Hy advertearre ûnder syn eigen namme en liet it jild ek op syn eigen rekken stoarte. Hy ferkocht wol guod, mar as meardere minsken reagearren op deselde advertinsje, liet er se allegearre betelje en hâlde er it jild sels.
De rjochtbank spruts de Ljouwerter frij, omdat der yn juridyske sin gjin sprake wie fan oplichting. De man hie gjin falske namme brûkt of fan alles betocht om minsken harren jild ôf te pakken. 'Het enkel aanbieden van een goed is onvoldoende om tot oplichting te komen', sei de rjochter. De advokaat fan de fertochte hie earder al sein dat minsken dy't guod op ynternet keapje sels útsykje moatte oft de ferkeaper wol doocht.