Langere ynskriuwingstermyn foar glêsfezel

Ynwenners fan Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen krije langer de tiid om har yn te skriuwen as se oansletten wurde wolle op de glêsfezelkabel. Telekombedriuw Kabelnoord woe eins foar de boufak noch begjinne mei de oanlis. Dêrom wie de ynskriuwtermyn fiif wiken, yn stee fan de normale njoggen wiken. Mar it slagget net om no al mei de oanlis fan de glêsfezelkabel te begjinnen. Dêrom wurdt de ynskriuwtermyn wer ferlinge, nei de gebrûklike njoggen wiken.
De provinsje hat in list fan adressen gearstald dy't no noch gjin rap ynternet hawwe. Kabelnoord ynventarisearret wa fan de minsken dy't dêr wenje oansletten wurde wol op it glêsfezelnet. De oanlis kin trochgean sadree't 60 persint fan de gadingmakkers him oanmeld hat. Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen binne de earste twa gemeenten dêr't it projekt rint.