Seehûne-akkoart: inkeld opfang by ferwûning troch minsklik hanneljen

Seehûnen moatte yn prinsipe net mear opfongen wurde, útsein wannear't se ferwûne rekke binne troch minsklik hanneljen. Ofbliuwe is it devys foar sike of oanspielde seehûnen. Dêrneist moat de opfang profesjoneler.
Dat seit minister Carola Schouten fan Lânbou en Natuer. Sy kin har fine yn de advizen fan in kommisje dy't ûndersyk dien hat nei de seehûne-opfang.
Seehûnepup © Shutterstock.com
Schouten seit dat it goed giet mei de seehûn. Der is in sûne populaasje fan likernôch 14.000 bisten yn Nederlân: 9000 gewoane en 5100 grize seehûnen. Dat freget neffens har om in oare wize fan opfang. De minister wol no mei de provinsjes en de ferskate opfanglokaasjes in seehûne-akkoart slute.

Boargemaster Flylân docht begelieding

Boargemaster Tineke Schokker fan Flylân sil dat proses begeliede. Sy begjint hjir yn septimber mei en in healjier letter moat it akkoart der lizze. Yn it akkoart komt te stean wannear't in seehûn krekt opfongen wurdt.

Seehûnesintrum bliid

It seehûnesintrum Pieterburen is bliid dat de minister har útsprutsen har oer de advizen fan de kommisje. "Het had wat ons betreft sneller gemogen, maar we kunnen nu echt gaan werken aan een modern, wetenschappelijk gefundeerd opvangbeleid. Dat de minister zich kan vinden in de adviezen, is voor ons een steun in de rug'', seit direkteur Niek Kuizenga.
Hy beseft dat de opfang fan seehûnen in lestich ûnderwerp is. "Er is een hoop gedoe over geweest. Nederland is het niet gewend dat we het anders gaan doen. We zullen daarin een belangrijke educatieve rol gaan spelen. Het moet duidelijk zijn dat we geen zeehonden aan hun lot overlaten. We moeten naar een professionele organisatie langs de kust om de dieren op de juiste manier te helpen.''
Niek Kruizenga, seehûnesintrum Pieterburen yn Grinslân

Earder advys: behein opfang seehûnen

It seehûne-akkoart moat in reaksje wurde op it advys fan de Wetenschappelijke Adviescommissie Zeehondenopvang. Dy advisearre yn maart om de opfang fan seehûnen te beheinen. Nederlân hat fiif seehûne-opfangsintra. Dy wurkje allegearre op in oare wize. Earder is besocht de ferskate sintra better gearwurkje te litten, mar dat mislearre. It tal seehûnen dat yn opfangsintra opnommen is, gie omheech fan tweintich yn 1980 oant fiifhûndert oant tûzen yn de ôfrûne jierren. Yn 2016 waarden sa'n fiifhûndert seehûnen opfongen.
Boargemaster Tineke Schokker