"Lelystad Airport noch net útwreidzje"

09 jul 2018 - 15:53

It iepenstellen fan Lelystad Airport yn 2020 moat nochris goed besjoen wurde. Der moat earst mear ûndersyk dien wurde nei de lûdsnivo's, want dy soene heger wêze as foarspeld wie. Dat seit de rezjygroep dy't de belibbingsflecht fan ein maaie begelaat en evaluearre hat.

Foto: ANP

Marten Wesselius, Frysk lid fan de testgroep

De rezjygroep is ynsteld troch minister Van Nieuwenhoven en hat in âld-topman fan it eardere ministearje fan Milieubeheer as foarsitter. Der sitte ek omwenners en oare saakkundigen yn, en fertsjintwurdigers fan aksjegroepen út de ferskate provinsjes.

Mear ûndersyk

It testfleantúch makke ein maaie in rûntsje troch it loftrom dat brûkt wurdt as Lelystad Airport fakânsjeflechten oernimt fan Schiphol. Doe diene al in soad minsken har beklach oer it leven. Ut de evaluaasje fan de rezjygroep docht no ek bliken dat der doe folle mear lûden metten binne as de nivo's dy't yn de Milieueffectrapportage (MER) foarsein wiene. Neffens foarsitter Van der Vlist fan de rezjygroep betsjut dat net dat de MER net kloppet, mar neffens him is de ôfwiking wol hiel grut. Dêrom soe der mear ûndersyk komme moatte.

Loftrom opnij yndiele

De rezjygroep pleitet derfoar om it loftrom earst opnij yn te dielen en Lelystad Airport net earder te iepenjen as wannear't alle effekten dúdlik binne. Fierders soe sjoen wurde moatte nei alternative rûtes en moat nochris besjoen wurde oft de fleanrûtes ek oer 'stille' gebieten' gean kinne.

"Yn ferliking mei de Milieueffectrapportage (MER) sit it lûd 3 oant 8 desibel heger. Dat is nochal wat", seit Fries Marten Wesselius dy't ek yn de rezjygroep sit, op Omrop Fryslân Radio. "De minister wit net hoe dat kin. Hy sil saakkundigen freegje om in ferklearring hjirfoar.

Licht beladen: minder leven

"De teoretyske berekkening is prachtich, mar it kin yn de praktyk wol hiel oars wêze. Dat hat ek ien fan de oanliedings west om te fleanen yn de saneamde belibbingsflechten. Dan kinne jo it lûd mjitte. Dan witte wy wêr't wy it oer hawwe." Tagelyk jouwe dy belibbingsflechten in fertekene byld, seit Wesselius, want "op de dei fan de testflecht wie it fleantúch net swier beladen. Doe't it boppe Fryslân wie, wie de brânstoftank al hast leech." Wat swierder beladen in fleantúch is, wat mear leven it jout.

"Flean oer gebieten dêr't al leven is"

De rezjygroep advisearret om stiltegebieten te mijen, want dêr falt it lûd folle mear op. Wesselius: "As jo bygelyks oer De Lemmer fleane, doch dat dan oan de kant fan de A7. Yn de omkriten fan de sneldyk falt it lûd minder op."

Gjin draachflak

"De minister seit: Myn beslút stiet fêst. Mar as der yn de Twadde Keamer genôch fraksjes yn mei gean dat it sa net kin, dan sil it nochris goed besjoen wurde moatte. De testflechten binne ynset om mear draachflak te kreëarjen. Dat is net slagge, want sechstich à santich prosint fan de minsken dy't reageard hawwe, is negatyf."

(advertinsje)
(advertinsje)